Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Snitser oppakt foar brânstichting

Wommels, Woansdei 10 Maart 2010, 12:38 oere
Snits- In 20-jierrige Snitser is woansdeitemiddei oanholden foar brânstichting yn in wenning oan de Lindelaan. De brân ûntstie rûn tweintich foar fjouwer yn in sliepkeamer op de boppeferdjipping.


Neffens de earste alarmmelding wiene der meardere minsken yn it hûs. Derom waard neist de brânwacht ek twa ambulânses en in traumahelikopter alarmearre. Nei't de brânwacht de wenning trochsocht hie, waarden der gjin minsken oantroffen. Tsjûgen wiisden efkes letter in fertochte oan as dieder. Aginten ha de man arrestearre en foar ferhear ynsluten.




In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt