Snitser drinkeling dochs ferstoarn
Ljouwert, Tiisdei 07 Septimber 2010, 17:17 oereDe 29-jierrige frou út Snits dy't freed by de Harlingertrekweg yn Ljouwert mei de auto yn it wetter rekke, is moandei ferstoarn. De auto stie parkeard by de ING bank oan de Harlingertrekweg. By it fuotriden bedarre de auto troch noch ûnbekende oarsaak yn de Harlingervaart.
De frou koe de auto útkomme, mar gie der wer yn, nei alle gedachten om wat te pakken. Doe't se net wer boppekaam, binne dûkers fan 'e brânwacht ynset. Yn kritike tastân is de frou nei it sikehûs ta brocht dêr't se ferstoar.
Gerelateerde artikelen
Auto te wetter Ljouwert: frou swier ferwûne
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |









.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)






