Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Snein de trettjinde yn Tsjom

Tsjom, Snein 06 Novimber 2011, 13:32 oere
Op 13 novimber – dit jier de datum fan Fryske Snein – belibbet de trettjinde liturgy fan it twaspan Eppie Dam en Hindrik van der Meer syn premjêre yn ’e tsjerke fan Tsjom. De útfiering fynt plak yn it ramt fan 60 jier Kneppelfreed, 60 dagen Keppelfeest. Tsjom foel de eare ta om’t dêr op 3 jannewaris 1915 de earste Fryske tsjinst holden waard troch dûmny Wumkes.

Lykas syn tolve foargongers, is ‘De wrâld ús went’ skreaun foar mingd koar, bernekoar, muzikanten en sprekstimmen. Tema fan de nije liturgy is de ferhâlding tusken tsjerke en wrâld. Yn ’e wyklikse earetsjinst siket de leauwige rjochting, besinning en ynspiraasje. It bliuwt lykwols in tydlik ûnderdak, want bûtendoar wachtet syn werklike went. De opdracht fan de minske is de tsjinst oan ’e wrâld. De liturgy besjongt de rykdom fan ’e ierde, mar is tagelyk in appèl oan ’e bewenners om sunich te wêzen op har jeften.

Neist lieten fan eigen hân, hat Eppie Dam eigenmakke oersettingen opnommen fan Ingelsktalige dichters út earder ieuwen. As woe er sizze: wy komme earne wei en geane earne hinne. Sa is yn ’e sprekteksten plak ynromme foar it gedicht ‘Praise Song for the Day’, dat de Amerikaanske dichteresse Elizabeth Alexander skreaun en lêzen hat ta gelegenheid fan de ynauguraasje fan presidint Barack Obama.

Bern spylje in foarname rol yn it ferhaal fan ’e wrâld, en dêrom ek yn dit ferhaal. Op Fryske Snein binne it learlingen fan ’e Tsjommer Staetlânsskoalle dy’t wat te sizzen hawwe en te sjongen. It lêste dogge se bygelyks yn ’e fleurige ferskes ‘Alles is sa machtich moai’ en ‘Lietsje fan ’e dei fan hjoed’. Want dat is – mei respekt foar it ferline – wêr’t de takomst it fan ha moat: de dei fan hjoed. Dy begjint, ûnder oaren, op 13 novimber om 16.00 oere yn ’e Johannestsjerke. Sjoch ek www.keppelje.nl.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt