Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Sluten Stoart Koudum en Heech soarget foar űnręst

Snits, Moandei 23 Jannewaris 2012, 11:29 oere
De FNP yn Súdwest-Fryslân is swier teloarsteld yn it kolleezje fan Boargemaster en wethâlders oer de meidieling dat de stoarten yn Koudum en Heech 1 maart slute. It kolleezje hat gjin oerlis hân mei Koudum en Heech en de oare doarpen en stęden yn dy omkriten. Dit CDA PvdA VVD kolleezje hat in ekselinte tsjinstferliening tasein en ek it kearnebelied hawwe se heech yn it findel. Saken dęr’t de FNP fjouwerkant efter stiet.

Sels de eigen meiwurkers moasten it út de media fernimme. Ek de ried is der net by belutsen. Węrom no dizze oerfal!? Mei dizze wize fan kommunisearjen soarget it kolleezje ek nochris űnnedich foar űnręst. Hat it kolleezje dan net yn ’e gaten dat soks de minsken PERSOANLIK TREFT en dat hja dit no krekt wichtige saken fine. It kolleezje wol balâns tusken stęd en plattelân, prima saak. Mar werom dan no alles yn twa stęden konsintrearre?

De FNP is der wis fan, as dizze grutte gemeente der no net west hie, dan wiene de stoarten yn Heech en Koudum net ticht gongen. Pleatslike belangen slypje no de messen al, dat hie foarkommen wurde moatten! De ried mei der 23 febrewaris noch efkes nei sjen. De FNP sil tongersdei 26 jannewaris yn de riedsgearkomste al fragen stelle en giet net akkoart mei dizze wize fan dwaan. De FNP wol it rapport fan de Grondmij, węr nei ferwezen wurdt, sjen en beoardielje. Yn alle gefallen kin der absolút gjin sprake fan węze en slút de stoarten op 1 maart. Fraksjefoarsitter Gerben Gerbrandy: “De FNP fynt dit in skandalige manier fan dwaan. Sa nimme jo ús ynwenners net serieus, in grutte flater”!


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt