Slotgearkomste oer oanpassings krusingen N359
Wommels, Tongersdei 01 July 2010, 10:16 oereWinsum- Op tongersdei 8 july o.s. sille de bestjoeren fan de doarpsbelangen einresultaten oanbiede fan de plannen foar de krusingen yn de N359 by Winsum, Húns en Leons en by Hilaard. De plannen wurde offisjeel oanbean oan de deputearre fan de provinsje Fryslân, de hear Piet Adema. Ek de wethâlder fan de gemeente Littenseradiel, Douwe Willemsma is oanwęzich.
De ôfrűne perioade oant en mei juny hat buro Oranjewâld mei de doarpsbelangen, omwenjenden en oare belanghawwenden wurke oan it meitsjen fan de plannen foar de oanpassings fan de krusingen yn de provinsjale dyk de N359. Tidens it opstellen fan de plannen wie der grutte belutsenheid te sjen út de doarpen, bygelyks by de grutte gearkomsten.
Elkenien dy't in bydrage levere hat oan de plannen en fansels elkenien dy't gewoan nijsgjirrich is, is fan herte wolkom op de slotgearkomste.
De slotgearkomste fynt plak op tongersdei 8 july 2010 yn it MFC 'De Helling' oan de Skâns 12 yn Winsum en begjint om 19.30 oere.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










