Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Slim ûngemak A31 Frjentsjer

Frjentsjer, Sneon 28 Novimber 2009, 18:39 oere
Op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer is sneon om 16.30 oere in swier ûngelok bard, wêrby fjouwer minsken slim ferwûne rekke binne. By it ûngelok wiene twa auto's en twa buskes belutsen.

De twa auto’s binne yn in sleat neist de sneldyk telâne kommen. De helptsjinsten binne massaal alarmearre. Sa wiene der tsien plysje-auto's, fiif brânwachtauto's, fjouwer ambulânses en in traumahelikopter op it plak fan it ûngelok. Der binne ek dûkers fan de brânwacht ynskeakele.

De sneldyk is yn de rjochting fan Ljouwert nei Harns ter hichte fan Dronryp ôfsletten foar al it ferkear. De sneldyk sil noch inkele oeren ôfsletten bliuwe. It ferkear wurdt omlaat.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt