Slim ûngelok op A32 by Idaerd
Wurdum, Tongersdei 06 Oktober 2011, 19:30 oereBy in iensidige oanriding op de A32 ter hichte fan Idaerd binne tongersdeitemiddei twa persoanen swier ferwûne rekke. Sy sieten yn in auto dy’t troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en tsjin de railing fan de tunnelbak ta stilstân kaam.
De brânwacht hat de slachtoffers út de auto befrijd. De bestjoerder wie sa slim ferwûne dat hy mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins ferfierd moast wurde. Omdat de helikopter op de sneldyk lâne moast, waard it ferkear op de A32 yn beide rjochtingen heal oere stillein.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |



















