Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Slim ûngelok by Snits: plysje siket tsjûgen

Wommels, Tongersdei 08 July 2010, 16:06 oere
Snits- By in slim ûngelok op de A7 krekt foar it Geau-akwadukt by Snits is in 48-jierrige bestjoerster út Boalsert slim ferwûne rekke. In oare bestjoerder, in 62-jierrige bestjoerder út Annen, rekke licht ferwûne. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen de auto's mei-elkoar yn botsing, ien auto waard lansearre en kaam op de sydkant ta stilstân en oare tsjin de fangrail.


De 48-jierrige frou is mei ferskate ferwûnings oerbrocht nei't sikehûs fan Snits. De plysje docht ûndersyk nei it tadracht fan it ûngelok. Derom is de plysje op siik nei tsjûgen fan it ûngelok. Sy kinne kontakt opnimme mei de plysje fia telefoannûmer 0900-8844.

Foto's en fideo: Wessel Bosgraaf




In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt