Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Harnzer omkaam by ûngelok Westergoawei

Boalsert, Tongersdei 06 Oktober 2011, 11:19 oere
In 36-jierrige automobilist út Harns is tongerdeitemoarn omkaam by in oanriding op de Westergoawei by Boalsert. De bestjoerder soe ter hichte fan ôfslach Hichtum de provinsjale dyk oerstekke. Hy seach hjirby in frachtwein, bestjoerd troch in 48-jierrige Wommelser, út de rjochting fan Ljouwert oer de holle.

De auto waard fol yn de flank rekke en kaam inkele tsientallen meter fierder ta stilstân. De frachtwein skaarde en kaam op it fytspaad ta stilstân.

De bestjoerder fan de persoane-auto rekke beknipe is mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Hjir is hy spitich genôch ferstoarn. De bestjoerder fan de frachtwein kaam mei de skrik frij. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. It oare ferkear hat de hiele moarn lest hân fan it ûngelok.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt