Slim bedriuwsûngelok by Hochwald yn Boalsert
Wommels, Woansdei 10 Maart 2010, 20:40 oereBoalsert- By suvelfabryk Hochwald is fannemiddei by in bedriuwsûngelok in 34-jierrige Snitser slim ferwûne rekke. De man waard by wurksumheden op trije meter hichte net goed en foel nei ûnderen ta.
Neist meardere ambulânses waard ek de traumahelikopter fan Grins alarmearre. De helikopter kaam op it fabryksterrein oan de grûn. De spesjalisten assistearren fuortendaalks de ambulânsemeiwurkers yn de fabryk. Efkes letter waard de man mei slim letsel oan 'e holle oerbrocht nei't sikehûs fan Snits. Dernei is de man oerbrocht nei't UMGG yn Grins.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















