Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Skoarstienbrân yn Hidaard en yn Parregea

Wommels, Tiisdei 09 Febrewaris 2010, 19:45 oere
Hidaard/Parregea- De brânwacht fan Wommels en de heechwurker fan Boalsert waarden tiisdeitemiddei alarmearre foar in skoarstienbrân oan de Tjebbingadyk by Hidaard. De brânwacht fan Wommels wie binnen inkele minuten te plak en hie it fjoer fluch űnder kontrôle. Wol moast de brânwacht, foar de wetterwinning, in gat yn it iis meitsje mei in kettingseach en bile.


Inkele minuten nei dizze melding waard de brânwacht fan Parregea alarmearre foar in skoarstienbrân oan de Trekwei yn Parregea. De heechwurker dy't űnderweis wie nei Hidaard kearde by Hartwert om, en gie no nei Parregea. Ek hjir hie de brânwacht it fjoer fluch űnder kontrôle. Wol hat de brânwacht mei de heechwurker de skoarstien reage.

De brân yn Hidaard wie yn deselde wenning węr't op 6 novimber 2007 ek al in brân wie. Doe gie it folsleine wengedielte ferlern en binne twa hűnen omkaam. De bewenners wienen noch drok dwaande mei de renovaasje doe't hjoed opnij it needlot tasloech.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt