Sinteklazemearke Littenseradiel grut sukses (fideo)
Winsum, Freed 03 Desimber 2010, 23:01 oereOfrûne wike hawwe hast 1100 minsken genietsje kinnen fan it Sinteklazemearke Littenseradiel ‘3 Belles en it bist’.
Troch de wike kamen alle 19 skoallen fan Littenseradiel nei it mearke en yn it wykein wiene der iepenbiere foarstellings. Hjirmei wiene alle foarstellings útferkocht en kin der sprutsen wurde fan in oerweldigjend súkses.
Sûnt 2008 is op ynisjatyf fan toanielferiening Advendo fan Winsum it Sinteklazemearke yn Littenseradiel wer nij libben ynblaasd, nei it ferdwinen hjirfan yn 1994. Yn koarte tiid is it imago fan ‘tradysjoaneel’ ôfskodde en hat it him ûntwikkele ta in teaterspektakel.
Bedriuwen en ynstellings út de hiele gemeente stiene noed foar stipe yn jild of materialen om dit allegearre mooglik te meitsjen.
Gerelateerde artikelen
Sinteklazemearke populêr yn Littenseradiel
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















