Sinteklazemearke komt mei "De Jiskebakky 's"
Winsum, Woansdei 16 Novimber 2011, 14:39 oereYn tiden dat it oeral dreech liket om Sinteklazemearkes op de planken te bringen, libbet it yn Littenseradiel as nea tefoaren. Dit is mei namme te dankjen oan de nije, moderne opset sa as dy foarich jier foar it earst delset is. Sūnt 2010 wurde der net mear tradysjonele mearkes spile, mar nijerwetske teaterspektakels, mei moderne middels en hjoeddeistige muzyk.
Sa wurdt der dit jier in 'miausicel' op de planken brocht. In musical wer't yn miaut wurdt, ynspirearre op Cats en Minoes, mar mei in hiel eigen ferhaal, mei de titel De Jiskebakky's. Der is in probleem op strjitte. Alle manljuskatten, de katers binne oppakt troch de gemene Siperske kat POES-UP. Sy wol dat der allinne Siperske katten oerbliuwe.
Under lieding fan heldinne-kat EMPEE geane de Jiskebakky's op syk nei de katers ūnder wa EMPEES freontsje. Mei in hiele omwei komme se wol hiel ticht by de katers. Mar hoe kinne se dy befrije? Krije se it foarelkoar om de katers te befrijen en trout EMPEE har freontsje Felix?
Dit alles fynt plak ūnder lieding fan regisseur en skriuwer Tjerk kooistra. Fierder is de muzyk fan Ronald van der Veer, it manske, kleurrike dekor fan arzjitekt Albert Dirk Talsma en de klean fan Anneke Hogenveen, bekind fan ū.o. it Berne Iepenloftspul.
Sūnt it grutte sukses fan 3 Belles & it bist (it mearke fan 2010) is de populariteit fan it Littenseradielster Sinteklazemearke sa bot tanaam, dat der dit jier sels skoallen fan būten de gemeente ( Drylst, Snits en Koarnjum) nei De Helling yn Winsum ta komme.
De skoalfoarstellings sille plakfine op tiisdei 22 en tongersdei 24 novimber (beide kearen om 9.30 en 13.30 oere). Iepenbiere foarstellings sille weze op freedtejūn 25 novimber (20.00 oere), sneontejūn 26 novimber (20.00 oere) en snein 27 novimber (14.00 oere).
Foar it Sinteklazemearke "De Jiskebakky 's" kinne kaarten reservearre wurde op Tel. nūmer 0517-341344 of op www. sintklazemearke.nl.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















