Sinteklaas yn Wommels
Wommels, Sneon 19 Novimber 2011, 17:30 oereHjoed wie it safier, Sinteklaas soe mei syn pyten nei Wommels komme. Yn de jachthaven wie it al drok mei bern dy’t oant it sjongen w ienen foar Sinteklaas. Wat ferskes en ferhalen letter kaam Sinteklaas dan echt mei de boat de haven yn.
Oan board van de pakjesboat wienen gjin pakjes, de pyten soenen dizze letter mei de bern sykje. De wethâlder Froukje Hernamdt hjitte Sinteklaas en syn pyten fan herte wolkom yn Wommels, wernei de stoet rjochting de Lytse Terp luts.
Op de Lytse Terp stie in podium wêr ’t de pyten in dûns opfierden, dizze dûns moasten de bern ûnthâlde want se soenen de dûns hjoed nog faker brûke kinne. Hjirnei luts de stoet nei it Dielshûs wêr ’t mystearje fan de pakjes útiten waard. Troch te sjongen en te dûnsjen krigen de bern in letter, nei’t alle fjouwer letters sammele wiene, waard bekiend wêr’t de pakjes wienen. Mei in kaai waard in kast ûnder de trep iepene, dêr wienen de pakjes.
De pyten hawwe alle bern in pakje jûn en dernei wie it feest fan Sinteklaas ôfrûn.
| In bydrage fan: Hendrik Jellema | Diel dit artikel: |
![]() |




















