Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Sinteklaas no ek yn Wommels

Wommels, Sneon 21 Novimber 2009, 14:42 oere
Wommels- Sinteklaas en syn pyten binne alwer in wike yn’t lān. Sa wie Sinteklaas foarige wike al yn ūnder oarre Schiedam, Boalsert, Makkum en Warkum. Mar Sinteklaas wit net fan ophālden en die hjoed Wommels oan.


Neffens in ynstjoerde meidieling op de webside fan SDS, soe de Sint net mear komme want De Sinteklaas Bank (DSB) wie fallyt. Gelokkich foar de bern fan Wommels wie dit net sa, en kaam Sinteklaas ek yn Wommels. Wol moast Sint efkes sykje, want de pakjesboat moast dit kear net nei It āld Hiem ta, mar nei de jachthaven.

Yn de jachthaven waard Sinteklaas en syn pyten opwachte troch hūnderten bern mei harren ālders. De boargemaster fan Littenseradiel, mefrou Liemburg hjitte de Sint fan herte wolkom yn Wommels. Dernei wie der noch it grutte Sinteklaas feest yn It Dielshūs mar de Sint hie ek noch tiid om lāns it Tywerthiem te gean.

Klik hjir foar alle foto's.


Gerelateerde artikelen
Sinteklaas yn Boalsert


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt