Seehûn op stap yn sintrum Harns (fideo)
Harns, Tiisdei 06 Septimber 2011, 21:53 oereFoar de twadde kear binnen in wike is der yn it sintrum fan Harns in seehûn sjoen. Troch fotograaf Nick den Boer wurd de seehûn fan hjoed Sammy neamd. It is net bekend at Sammy deselde seehûn as ferline wike is. Harnzer fotograaf Stefan Postema hat foar Stjoerder.nl inkele foto’s makke.
De seehûnen komme binnen fia de slúsdoarren. Ite wat fiskjes yn de Noarderhaven, besjogge de minsken efkes, hingje lekker om en geane dan faaks út harrensels wer fia de slúsdoarren nei de Waadsee. De seehûn fan foarige wike is fêstlein troch GPTV. Besjoch harren fideoreportaazje hjirûnder.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















