Sān kij beknipe yn jarrekolk Britswert
Wommels, Tongersdei 17 Juny 2010, 09:29 oereBritswert- Fannemoarn betiid binne yn in lisboksstāl oan de Kromwāl yn Britswert sān kij yn de jarrekolk sakke. De kij leinen op in saneamde boksdek, dy't oer in lingte fan sa'n tweintich meter folslein ynsakke is. De boer ūntduts de kij yn de jarrekolk doe't der mei it melken begjinne soe.
De kij sieten beknipe yn de jarrekolk. De brānwacht fan Mantgum en Wommels waarden alarmearre. Sy ha de stielen buizen trochknipt en de kij mei in ko-takel oan in ferriker der śt takele. De brānwacht is trije oeren dwaande west om de kij śt de jarrekolk te heljen. Alle kij ha it aventoer oerlibbe. De tritich jier ālde stāl stie op it punt renovearre te wurden.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










