Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

SAM Littenseradiel en FNP stelle konvenant op

Wommels, Freed 09 April 2010, 13:32 oere
Wommels- Nei en op advys fan ynformateur Frans Bouwers hawwe de fraksjes fan koalysjepartners SAM Littenseradiel en FNP in konvenant makke. Hjiryn wurdt op koarte wize rjochting jûn foar de wichtichste politike ûnderwerpen foar de kommende riedsperioade. SAM Littenseradiel en FNP wolle de ynhâld fan it konvenant kommende tiisdei yn it iepenbier besprekke mei alle fraksjes út de gemeenteried.


De bedoeling is dat it nije kolleezje op moandei 19 april ynstallearre wurdt. Hjirfoar skoot SAM Littenseradiel wethâlderskandidaat Froukje Hernamdt nei foaren en de FNP Douwe Willemsma. Op grûn fan it konvenant sil it nije kolleezje in kolleezjeprogramma útwurkje en dit oan de ried foarlizze.


Gerelateerde artikelen
SAM en FNP vormen college in Littenseradiel


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt