Rydbewizen kwyt nei grutte snelheidsoertreding Ofslútdyk
Wommels, Freed 11 Juny 2010, 14:28 oereKoarnwertersân- De plysje hat tongersdeitemiddei en jûn twa kear in rydbewiis ynfoardere nei in flinke snelheidsoertreding op de Ofslútdyk. By in laserkontrôle ride in 47-jierrige man út Skoorl yn de rjochting fan Noard-Hollân mei 128 kilometer yn 't oere .
Die jûns ride op it selde stik sneldyk mar dan yn de rjochting fan Surch, in 47-jierrige man út Skearnegoutum mei in snelheid fan 133 kilometer yn 't oere lâns de kontrôle. De maksimum tasteane snelheid op dit stik sneldyk by de sluzen is 70 kilometer yn 't oere.
Neist feroardering fan it rydbewiis is der tsjin beide automobilisten ek proses-ferbaal opmakke.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















