Rûntepetear Littenseradiel streekrjocht útstjoerd
Wommels, Tongersdei 13 Oktober 2011, 11:42 oereFanôf it rûntepetear fan tiisdei 18 oktober wurde de gearkomsten fan de gemeenteried filme en live útstjoerd fia de webside fan Littenseradiel. De gemeente hat hjirfoar in webcastingsysteem oanskaft. Fia dit systeem is it mooglik om riedsgearkomsten of rûntepetearen yn lûd en byld te folgjen fia ynternet. Yntusken binne proeven dien ûnder eardere gearkomsten fan de ried. It (ekstra) rûntepetear oer weryndieling is offisjeel de earste gearkomste fan de ried dy’t fanút de hûskeamer by te wenjen is.
Der binne trije kamera’s yn de riedsseal fan it gemeentehûs ynstallearre dy’t ûnder de gearkomsten de sprekker automatysk opsykje. Alle bylden wurde live útstjoerd en dêrnei opslein sadat letter fia in wiidweidige sykmasine socht wurde kin nei in bepaald ûnderwerp, sprekker of punt fan de wurklist. De skriftlike notulen sille dan ek yn de takomst net mear nedich wêze.
In webcast is it live útstjoeren fan fideomateriaal fan in evenemint fia it ynternet. De sammelnamme foar fideo’s dy’t fia ynternet besjoen of beskikber steld wurde, is webvideo. It live útsjoeren fan non-events, lykas bylden fan in webcam op ‘e dyk, hjit live streamen.
De gearkomste is live te folgjen fia dizze link of fia de knop “de ried LIVE” oan de rjochterkant op de homepage.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















