Rolling Home jout skitterjend optreden
Wommels, Sneon 06 Febrewaris 2010, 21:21 oereWommels- Sneontejûn wie Rolling Home mei harren teatershow 'Celtic Life' yn It Dielshûs yn Wommels. De besikers waarden traktearre op in skitterjende teatershow mei sang, dûns en ferhalen oer doetiids.
De teatershow spile him ôf yn de jierren 20 oant en mei 50 fan de foarige ieu. Yn die tiid gongen in protte minsken de wide wrâld yn, op siik nei bettere takomst. Unwanwennigens spile in grutte rol, mar levere ek prachtige ferskes en ferhalen op. De ferteller fan dizze muzikale reis wie kabaretier Rients Gratema.
Rolling Home wurdt muzikaal bystien troch fioelist Gregor Borland. Dizze fioelist wennet mominteel yn Spanje wêr't hy les jout aan de Traditional Scottish Fiddle School. De Ierske dûns waard útfiert troch Dûnsgroep Quardans.
Besjoch hjir de aginda foar de kommende optredens fan Rolling Home mei 'Celtic Life".
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















