Restauraasje Sint Vitustsjerke foltôge
Wommels, Sneon 24 Oktober 2009, 14:15 oereBlauhûs- Sneontemoarn is it krúsbyld werom hongen yn de roomsk katolike tsjerke fan Blauhûs. Hjirmei is de restauraasje fan de tsjerke dy dit jier plak fûn hat foltôge. Under oarre de muorreskilderingen, houten bylden, krúsbyld en kiborium binne restaurearre.
De muorreskilderingen op it prysterkoar en yn it transept wienen troch âlderdom en focht skansearre rekke. Dizze muorreskilderijen binne skjinmakke en wêr nedich restaurearre. De muorreskilderijen yn de Jozef- en Mariakapel binne yn de oarspronklike ferzje fan P.J.H. Cuypers werombrocht. De houten bylden en kiborium wienen foaral skansearre troch âlderdom en houtwjirm. Dizze binne deskundich en tige moai restaurearre. Tongersdei is it kiborium al op it prysterkoar teplak setten.
Fan’e middei is de tsjerke foar ynteressearren iepen tusken 12.30 oere en 15.00 oere.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















