Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Rekordoantal ballonnen yn De Jouwer de loft yn (fideo)

Wommels, Tongersdei 29 July 2010, 22:46 oere
De Jouwer- In rekordoantal fan 126 ballonnen is woansdei yn De Jouwer de loft yn gien. Hjirmei hat it Jouster Ballonfestijn it Nederlânsk rekord op har namme stean. Rudy Bouma fan Stjoerder.nl wie derby en hat ûndersteande fideo-reportaazje makke.


It oplitten fan de ballonnen duorre mear as in oere. De measte ballonnen, 35 stiks, keazen op it festivalterrein it loftrom. De oare ballonnen gongen op 19 oare lokaasjes yn en om De Jouwer omheech.

Dizze earste dei fan de ballonfeesten luts protte taskôgers. Oeral yn de omjouwing fan De Jouwer wiene ferkearsopstoppingen. Protte taskôgers keazen derfoar om ûnderweis al de stoeltsjes út te klappen om it skouspul fanút de berm te sjen.



In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt