Rekôr flaggeswaaie ferbrutsen
Boalsert, Snein 01 Novimber 2009, 17:52 oereShowband Hollandia hat hjoed it rekôr flaggeswaaie ferbrutsen. Se moasten de flagge mear dan 25 oeren draaiende holde. It rekôr is no setten op 26 oeren.
Op sneon om 11.00 oere gong de rekôrpoging los. Der wienen konstant twa leden oan it flaggeswaaien en om’t heal oere waard der wiksele. Ek wiene der aktiviteiten om de moed deryn te hâlden. Yn’e nacht wie it efkes dreech foar de leden mar doe’t sneintemoarn it publyk wer kaam, setten se fol entûsjasme de lêste oeren yn. Om 13.00 wie it rekôr ferbrutsen.
Doelstelling fan dizze rekôrpoging wie om jild yn te sammeljen foar nij ûnder oaren nije unifoarmen. Der is yn totaal 1056 euro binnen helle. Klik hjir foar de foto's.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










