Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Reina Rodina op festivals Greidhoek' en Freeze

Wommels, Woansdei 31 Augustus 2011, 16:46 oere
Sjongeres en multy-ynstrumintaliste Reina Rodina hie fan 't simmer de eagen goed op har rjochte troch har ekstravagante sjo WetterKāld, dy't hja yn juny en july fiif kear opfierde op it Fryske wetter by Ljouwert, Drachten en Burgum. De lokkige oanwźzigen waarden op preamen nei in oan de oanfang ta ūnbekende lokaasje brocht, wźr't sy in unike totaalerfaring ūndergiene.

WetterKāld oerspielde de taskōger mei yndrukken: de waarsomstannichheden, de natuer, it wetter, visuals en fansels de sfearyske en alternative dreampop (mei piano, fioele, elektroanyske soundscapes en abstrakte, Frysktalige teksten) fan Reina Rodina sels.
De respons wie geweldich en dus wie it roppen lūd om WetterKāld - yn in krekt wat oare foarm - nochris op de planken te bringen.

Hjirfoar binne twa bysūndere festivals śtkeazen, dy't plakfine om de oergong fan simmer nei hjerst hinne: op 17 septimber komt Reina Rodina mei it materiaal fan WetterKāld yn in spesjale oanklaaiing nei it kulturele Greidhoek' festival yn Wommels en op 24 septimber spilet se ūnder it Freeze popfestival, op it wetter njonken stźdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert, as very special guest, de sjo noch ien kear foar wa't it mist hat, op wer in hiel oare manear as in wike earder. Dit bart būten it gebou en is dus ek sūnder ynkomkaart foar Freeze te besjen!

Unike barrens dus, dy't tagelyk de opmaat nei de śtjefte fan debśtplaat 'WetterKāld' foarmje. It album moat fan 't hjerst ferskine, mei as bonus in dvd fan de WetterKāld-konserten śt de simmermoannen.

Mear ynformaasje op www.wetterkald.nl / www.greidhoekfestival.nl / www.freezefestival.nl


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt