Reid yn 'e brân neist Westergoawei
Wommels, Moandei 19 April 2010, 20:11 oereHűns- Troch de droechte fan ôfrűne tiid binne der in soad natuerbrantsjes yn Fryslân. Sa ek sneintemiddei yn in stik lân neist de Westergoawei, tusken Hilaard en Winsum ter hichte fan Hűns. Der stie reid oer in lingte fan tweintich meter yn 'e brân.
Opmerksume automobilisten ha de brânwacht fan Mantgum alarmearre. It wie wol efkes sykjen foar de brânwacht, want in fjoer wie amper fanôf de grutte dyk te sjen. Nei efkes sykjen waard de brân fűn. De brânwacht hie it fjoer fluch útmakke en is út foarsoarch oant it neiblussen west.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










