Reid yn 'e brân neist Boalserterwei by Eksmoarre
Wommels, Freed 23 April 2010, 14:10 oereEksmoarre- Oer in lingte fan sechstich meter is freedtemiddei in stik reid ôfbaarnd. Inkele foarbygongers űntdutsen de brân yn de berm neist de Boalserterwei by Eksmoarre. It fjoer koe troch de droechte oan beide kanten rap ferspriede.
Foardat de brânwacht fan Boalsert te plak wie, hat in plysje agint it fjoer oan ien kant úttraapje kinnen. De brânwacht hat de oare brân blust en dernei hiele streek noch neiblust.
Gerelateerde artikelen
Reid yn 'e brân neist Westergoawei
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










