Racefytser (16) ferstoarn nei ûngelok
De Jouwer, Freed 02 Septimber 2011, 18:25 oereDe 16-jierrige racefytser dy’t tongersdeitemiddei slim harsenletsel oprûn by in ûngelok op ’e Jouwer is oan syn ferwûnings ferstoarn. De fytser soe tegearre mei in maat de Koarte Ekers opfytse doe’t er syn lykwicht ferlear. In oanridende auto koe him net mear ûntwike en skepte de fytser.
Hy waard yn kritike tastân mei traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins wêr’t hy letter is ferstoarn. De jonge wie learling fan it Bornego College op It Hearrenfean.
Gerelateerde artikelen
Fytser (16) slim ferwûne by ûngelok
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |



















