Protte wetterhoazen oan de kust
Gaast, Snein 28 Augustus 2011, 00:33 oereSneontemiddei waarden op ferskate plakken wetterhoazen sjoen. It gie benammen om de kuststreek tusken Warkum en Harns. Mar ek by de waadeilannen binne twa enoarme wetterhoazen waarnommen.
Jan Droogsma hat fanôf Molkwar twa wetterhoazen fêstlein dy’t ter hichte fan Gaast wiene. Yn Gaast wie Jaring Rispens, krekt te let om it natuerferskynsel op de foto te setten. Wol driigjende wolken fêstlein en minsken dy’t wol de wetterhoas sjoen hawwe... Mear foto's binne wolkom!
![]() |
![]() |
![]() |
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |























