Protte skea nei eksploazje op boat Appelskea
Appelskea, Woansdei 28 July 2010, 12:20 oereFannacht om 00.30 oere is der in eksploazje west op in boat dy lei oan de Vaart Noordzijde yn Appelskea. Nei alle gedachten is in gasfles ûntploft yn de masinekeamer fan de boat. Neist de boat rekken ek wenningen oan beide siden fan de feart skansearre
Neffens de plysjewurdfierder is it skip troch de eksploazje in stik breder wurden en binne de rûten fernield. Ek in oantal auto's kamen net hiel út de eksploazje. In 55-jierrige frou en har 60-jierrige man út Laag-Zuthem kamen mei de skrik frij. De technyske resjerzje sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak.
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










