Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Protte skea by dakbrān Snitser sporthal

Snits, Tongersdei 09 Septimber 2010, 15:57 oere
Tongersdeitemiddei is by wurksumheden it dak fan de Snitser Sporthal yn brān flein. Trije dakdekkers wiene dwaande om it dak te fernijen doe't de brān ūntstie. Twa dakdekkers ha in soad reek binnen krigen en binne troch ambulānse meiwurkers fersoarge. Se hoegden net nei it sikehūs ta.

De brānwacht fan Snits hat assistinsje krigen fan de brānwacht fan Boalsert. Mei twa heechwurkers waard it fjoer bestriden. It dak hat in protte skea oprūn lykas de flier yn de sporthal. Ek stie it gebou fol mei reek.

Op it momint fan de brān wie der gjin sporters yn de sporthal. Der binne gjin skealike stoffen frijkaam. De plysje hat de strjitten rūnom de Sporthal ōfset.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt