Protte besikers swimbad De Klomp (fideo)
Wommels, Tongersdei 28 April 2011, 00:02 oereMar leafst 2.490 swimleafhawwers en sinne-oanbidders wisten, yn it prachtige peaskewykein, it paad nei swimbad de Klomp yn Wommels te finen. Utsjitter wie de iepeningsdei, doe waarden 1412 besikers telt. Dat is in stik heger as it foarige rekord fan 840 besikers fan ferline jier. It moaie waarme peaskewaar holp seker mei, mar ek it entûsjasme fan frijwilligers spatte derôf.
![]() |
| Foto: Henk Bootsma |
Fierder wist it bestjoer te melden dat yn de foarferkeap mear as 600 abonneminten ferkocht binne. Dat is 20 prosint mear as ferline jier. Ek it oantal swimlesabonneminten is mei 20 prosint stegen ta 100 stiks. En binne der twa kear safolle doelgroepabonneminten ferkocht. In geweldige start fan it nije seizoen.
Besjoch hjirûnder de fideoreportaazje mei foarsitter Lukas Offinga en in sfearympresje.
Gerelateerde artikelen
Swimbad de Klomp bliuwt fernijen
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |





















