Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Profilen side 'Facebook' no ek yn it Frysk

Wommels, Woansdei 23 Juny 2010, 15:33 oere
Ljouwert- Nei in protte mail ferkear en in lange lobby kin de Ried fan de Fryske Beweging oankundigje dat de profilen side Facebook tastean hat dat Frysk in offisjele taal wurdt. Dat hâld yn dat Facebook oersetten wurde kin nei it Frysk.


Der hat in protte mail ferkear west tusken de fertsjinstwurgers fan de Ried fan de Fryske Beweging en de lieding fan Facebook. Kontakt mei de lieding fan Facebook haw jo net samar, it kostet dan ek in soad tiid, mar mei de juste kontakten komme jo in ein. Wim Benes in bekende yn de kompjûterwrâld hat meiholpen om kontakt te lizzen. De Ried wol graach dat it Frysk yn de praktyk brûkt wurdt. In bekende webside wêr’t minsken alle dagen opsjogge lykas Facebook kin minsken helpe om it Frysk te learen. Mar ek foar minsken dy’t eltse dei Frysk prate is it wichtich om ek it skreaune Frysk te lêzen en te brûken. Yn de praktyk bart dat net in soad. It ferfryskjen fan Facebook kin der by helpe.

Op it stuit binne al mear as 800 wurden oersetten. Dit bart allegear troch frijwilligers. Sy type in oersetting yn en de rest fan de Fryske minsken op Facebook kinne stimme wat se de bêste oersetting fine. Fine sy in oersetting net goed dan kinne se in alternatyf biede en der kin ek wer op stimt wurde. Sa komt er in sa geef mooglik Frysk Facebook.

De Ried fan de Fryske Beweging hopet dat Hyves ek de mooglikheid biedt om de side oer te setten nei it Frysk.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt