Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Presintaasje fan in unike live Aaipop sammel-cd

Wommels, Freed 25 Juny 2010, 14:22 oere
Nijlân – Snein 4 july sil de earste en unike live aipop sammel-cd presintearre wurde.
Dizze cd is űntstien yn gearwurking tusken Fryske poppriiswinner Jan Switters en de stifting Aaipop.



De stifting Aaipop hat al earder trije cd’s útbrocht, mar nea earder in live cd. Jan Switters woe dan ek graach mei harren it ‘live’ gefoel fan it festival fęstlizze. Dęrom binne der op it Aaipop festival fan 5 april 2010 live opnames makke fan alle bands dy’t op it festival stienen. Harren moaiste nűmer is fęstlein op de cd. Dit makket dat de cd in moai ferskaat jout fan de Fryske popmuzyk fan dit momint, fan die Twa oant Jitiizer.

Snein 4 july om 16.00 oere sil de earste cd oanbean wurde oan in promininte Fries yn kafee de Herberch fan Nijlân yn Nijlân. Dęrneist sille der űnder oare optredens węze fan Omkedurkendy en Ljoubjr. Eltsenien is wolkom, en de tagong is fergees. Ek foar de bern is der wat te belibjen, neist de muzyk is der ek in springkessen en kinne se sminkt wurde.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt