Doarpen SWF mooglik nei noardwest Fryslân
Snits, Tiisdei 17 Jannewaris 2012, 21:35 oereDe provinsje Fryslân is fan miening dat der yn it Noardwesten fan Fryslân ien gemeente komme moat. Dizze gemeente moat bestean út Harns, Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en in part fan Súdwest-Fryslân. Dit stiet yn har stik Visie op de lokaal-bestuurlijke inrichting van Noord-Fryslân.
De provinsje freget de gemeente Súdwest-Fryslân wat sy derfan fynt. Om dêr in goed antwurd op te jaan, wol de gemeente graach witte wat der yn ús doarpen libbet oer de miening fan de provinsje.
Dêrom noeget de gemeente de ynwenners fan Arum, Pingjum, Kimswerd, Zurich en Lollum út om mei ús te praten oer dit ûnderwerp. Graach oant sjen op ien fan ûndersteande gearkomsten (eltse jûn begjint om 20.00 oere).
Arum: moandei 23 jannewaris yn de Grutte Tsjerke
Pingjum: tiisdei 24 jannewaris yn Te Plak
Kimswerd: tiisdei 31 jannewaris yn Piers Stee
Zurich: moandei 6 febrewaris yn It String
Lollum: tiisdei 7 febrewaris yn De Nije Haven
Boargemaster Apotheker jout dizze jûnen de ôftraap foar de diskusjes.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















