Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Pontsje fan Keimpetille wer yn bedriuw

Keimpetille, Woansdei 31 Augustus 2011, 16:38 oere
It pontsje tusken Keimpetille en Tsjeppenbūr is nei hast fyftich jier wer yn eare hersteld. Sneon 10 septimber wurdt dat feit feestlik fierd met in iepen hūs rūte en in offisjele iepening troch ūnder oaren deputearre Hans Konst. Sūnt healwei july set it pontsje wer passazjiers oer en dat is in grut sukses. Yn de earste acht dagen hienen al 1000 minsken gebrūk makke fan it pontsje en nei goed trije wiken al 2500.

Skiednis
Keimpetille lei earder oan de Harnsertrekfeart en der wie dus in ‘tille’, in brźge. Yn 1946 waard de feart ferbrede ta it Van Harinxmakanaal. De brźge gie der doe śt en der kaam in pontsje. Jierrenlang hat Jacob Petrus Miedema de septer swaaid op it pontsje. Yn 1964 kaam der in ein oan, trochdat de trije gemeenten dy’t op Keimpetille oan inoar grinzgje (Littenseradiel, Menameradiel en Frjentsjerteradiel) de kosten net mear opbringe woenen. Boppedat wie de auto doe yn opkomst en waard de ferbining net mear sa nedich achte.

Fartiden
It pontsje is dus no yn eare hersteld. Yn july en augustus is it pontsje alle dagen iepen tusken 10.00 en 20.00 oere; dźrfoar binne sa’n tritich frijwillige skippers oplaat. In oerset kostet €1,00; fytsers, kuierders en minsken mei in scootmobyl kinne op de pont. Fan 2 septimber oant 3 oktober is it pontsje allinnich yn it wykein iepen; op freed fan 14.00 oant 18.00 oere en op sneon en snein fan 10.00 oant 18.00 oere.

Iepening en Iepen hūs rūte
Op sneon 10 septimber wurdt it pontsje offisjeel iepene troch ūnder oaren deputearre Hans Konst. Dat sil barre yn de tsjerke fan Zweins om 16.00 oere en dźrnei sil by de pont sels de namme ūntbleate wurde. Tusken 18.00 en 19.00 oere is der in konsert fan Gurbe Douwstra mei fanfarekorps Concordia śt Wjelsryp. Elk is wolkom; de gearkomst, de pont en it konsert binne frij tagonklik.

Fan moarns 10.00 oere ōf is der ek in Iepen hūs rūte. Der binne in soad minsken dy’t dy omjouwing net kinne en dźrom is in rūte śtset fan Sweins lāns Keimpetille, Hatsum, Baaium, Wjelsryp, Tsjeppenbūr en werom nei Sweins en Keimpetille. Oan de rūte binne tsjerken, mūnen, kafee’s, doarpshuzen, pleatsen en oare bysūndere lokaasjes iepen en ek foar de bern binne der attraksjes ūnderweis. De ōfstān is in lytse tsien kilometer.

Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje oer it pontsje fan Keimpetille, de iepening of de Iepen hūs rūte, kinne jo sjen op www.fietspontkeimpetille.nl f kontakt opnimme mei mefrou Gryt van Duinen, e-mail gryt@wxs.nl of tillefoan 058 – 288 34 42.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt