Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Politike partijen organisearje doarpenstriid

Wommels, Moandei 12 Oktober 2009, 17:22 oere
Wommels- Om de boargers fan de gemeente Littenseradiel op in boartlike manier yn 'e kunde komme te litten mei de lokale polityk, hawwe fiif politike partijen – PvdA, Grien Links, FNP, VVD en CDA - de lapen gearsmiten en besletten in politike spuljūn te organisearjen.

Dizze jūn besjogge sy as in opstapke nei de kampanjetiid foar de riedsferkiezings fan maart 2010. It is in luchtige ludike manier om sjen te litten dat polityk net in 'ver-van-je-bed-show' is. Op de spuljūn sille de doarpen fan Littenseradiel tsjin inoar stride yn in kwis.

Op 8 oktober organisearje de politike partijen in ynformaasjejūn foar de bestjoeren fan doarpsbelangen oer dizze politike doarpenstriid. De spuljūn bestiet śt in kwis dźr't politike fragen steld wurde, mar ek fragen oer Littenseradiel en śs doarpen, śs sporten en śs gewoanten ensafuorthinne. Fierders kinne handichheidssspultsjes ek diel śtmeitsje fan de kwisjūn. It is de bedoeling dat alle doarpsbelangen fertsjinwurdige wurde troch in team fan maksimaal fiif persoanen en in ‘teamcaptain’. Alle 15 ferieningen fan doarpsbelangen dy’t 8 oktober oanwźzich wienen, hawwe tasein om te besykjen in team by inoar te krijen!

De politike partijen hoopje dat der op tongersdei 19 novimber in team fan alle 22 doarpsbelangen meidocht. De teams wurde yn de Op ’e Skille fan 12 novimber foarsteld. Dy teams kinne fansels net sūnder supporters. Sy binne op 19 novimber ek fan herte wolkom yn It Dielshūs.

Wat kinne de doarpsbelangen winne?
It doarp dat śteinlik wint, krijt it prizejild fan 350 euro foar doarpsbelang! It is fansels prachtich om dat bedrach te winnen, mar de ear fan it doarp stiet ek heech yn ’t findel! De politike partijen ferwachtsje dan ek dat de doarpen fūl stride sille om sjen te litten wźr’t in lyts doarp grut yn wźze kin.

As der doarpsbelangen binne dy’t harren noch net opjūn hawwe mar dochs meidwaan wolle, dan kin dat noch oant ein oktober. Efkes in berjochtsje stjoere nei a.hoekstra@littenseradiel.nl en ek jimme doarp kin om de politike ear stride.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




oerheid

112

kultuer

sport

algemien

saaklik

FYS Projekt