Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Plysje ûntdekt himpkwekerij yn Wolvegea

Wolvegea, Tongersdei 29 July 2010, 15:06 oere
Oan de Zeeweegbree yn Wolvegea is woansdei oan de ein fan de middei in frij grutte himpkwekerij ûntmantele. Dêrby binne trije mannen op 'e died trappearre en oanhâlden. De fertochten hiene fjouwer bedriuwsunits hierd. Trije dêrfan wiene yn gebrûk as kwekerij.

De trijetûzen himpplanten wiene al rispe. De wearde fan de opbringst wurdt skat op 270.000 euro. De plysje hat in pear tûzen euro en in auto yn beslach naam.

De kwekerij seach der neffens de plysje profesjoneel út. Der wiene grutte stekken pleatst om stellerij foar te kommen en de stroom waard yllegaal ôftape.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt