Plysje siket tsjûge deadlik ûngemak Britswert
Wommels, Tongersdei 13 Maaie 2010, 14:07 oereBritswert- De plysje is op syk nei de bestjoerder fan in persoane-auto dy't ôfrûne snein, 9 maaie, belutsen wie by't in ûngelok op de Froonackerdyk (N384) wêrby twa persoanen om it libben kaam binne.
De bestjoerder fan dizze auto ride yn de rjochting fan Winsum en sloech ôf rjochting Britswert. Op dat momint waard hy of sy ynhelle troch de auto dy't útwike moast, fan de dyk rekke en ferûngelokke.
De plysje wol graach witte wa dizze bestjoerder wie. Binne jo de bestjoerder of witte jo wa de bestjoerder is? Nim dan kontakt op mei de plysje fia 0900-8844.
Gerelateerde artikelen
Twee doden en drie zwaar gewonden bij ongeval Britswert
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















