Pjutteboartersplak De Poaskepôle Easterein sertifisearre
Wommels, Woansdei 14 July 2010, 20:10 oereEasterein- Foarige wike woansdei is mei it offisjele oerlangjen fan it sertifikaat dat yn april 2010 behelle is, pjutteboartersplak De Poaskepôle oan it Heechhiem yn Easterein offisjeel sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak.
Yn bywęzigens fan bern en âlden fan de beide groepen rikte Sjoeke Kampen fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) it sertifikaat út oan liedsters Maya Bonnema en Janna Wijnia. Sjoeke Kampen betanke mei moaie wurden, en yn de foarm fan in foarlęsboek, de liedsters likegoed as de frijwillichsters en helpmemmen en -heiten foar harren goede ynset en motivaasje. Ut namme fan Welzijn Middesee wiene der tankwurden en blommen fan Margriet Bekius.
De berne koene har binnen en bűten lekker tjirgje, der wienen koekjes en ranja en ta beslút pankoeken foar elk.
Maya en Janna binne beide Frysktalige liedsters, dy ‘t konsekwint Frysk brűke. Neist it Frysk by it foarlęzen en sjongen wurdt der ek Nederlânsk foarlęzen en songen. Sa wurdt in learsume taalskieding berikt. It taalbelied wurdt bewust hantearre en is sichtber. De liedsters hawwe in ryk en ynteraktyf taalgebrűk by it foarlęzen en fertellen.
Sűnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it męd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige űntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jűn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brűkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de űntwikkeling fan it Hollânsk tegoede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.
De Provinsje stimulearret sűnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dęrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 90 no.
Stichting Welzijn Middelsee is in wolwęzensynstelling yn Fryslân. De Stichting soarget der foar, dat yn de gemeente Ljouwerteradiel foldien wurdt oan de fraach nei pjutte-, berne- gastâlder- en bűtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De Stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht sa yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en it Bilt falt ek űnder de ferantwurdlikens fan de Stichting.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










