Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Pjutteboartersplak De Pikestjelp Spannum sertifisearre

Wommels, Moandei 22 Febrewaris 2010, 20:04 oere
Spannum- Ofrûne tongersdei is De Pikestjelp yn Spannum sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak. Dat is feestlik fierd. Alle Spannumer bern fan twa jier ôf oant en mei de beukers fan de basisskoalle en âlden wiene útnoege. Tegearre mei de oare oanwêzigen genieten hja fan in fantastyske Tomke-foarstelling yn Us Gebou yn Spannum.


De foarstelling, ‘In wyt freontsje’, is gearstald en útfierd troch kursisten fan de oplieding Artyst/Drama fan it Friesland College yn Ljouwert. It is in koarte foarstelling foar pjutten, dêr’t Tomke, Romke en Yana Yu de winter yn ûntdekke as it snijd hat. In moaie foarstelling, grôtfol ynteraksje mei de bern, dy’t hiel moai meidiene.

Wim Grit fan de gemeente Littenseradiel lange yn bywêzigens fan syn opfolger Jaap Inberg it sertifikaat oer en lokwinske PSZ De Pikestjelp. Moaie wurden wiene der fierders fan frou Margriet Bekius fan Welzijn Middelsee. Sy spriek har wurdearring út foar de o sa belutsen en suver fanatike liedsters Saskia Benedictus en Cornelia van der Hoek.

It pjutteplak De Pikestjelp, dat sûnt 2007 ûnder Stichting Welzijn Middelsee falt en al wer it trettjinde plak yn Littenseradiel is dat meidocht oan it sertifisearringstrajekt, is twa deidielen wyks iepen: op tiisdei- en tongersdeitemoarns. Cornelia van der Hoek is ôfstudearre PW4, Saskia Benedictus folget op dit stuit de oplieding pedagogysk wurk en studearret ynkoarten ôf. It keazen taalbelied krijt troch de ynset fan beide froulju goed foarm en wurdt poerbêst útdroegen.

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de Stichting Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk en tegoede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei de twadde taal.
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt hurd ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 80 no.

Stichting Welzijn Middelsee is in wolwêzensynstelling yn Fryslân. De stichting foarsjocht de gemeente Ljouwerteradiel yn de fraach nei pjutte-, berne- gastâlder- en bûtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht se yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en it Bilt falt ûnder de ferantwurdlikens fan de stichting.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




algemien

112

kultuer

sport

oerheid

saaklik

FYS Projekt