Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Piter Wilkens & band yn It Dielshûs

Wommels, Freed 28 Oktober 2011, 23:44 oere
Kommende moandei 31 oktober is der in spesjale jûn yn It Dielshûs yn Wommels. Dan sil Piter Wilkens syn band “de Freex” presintearje. Piter wie benammen as solo-artyst op it poadium te finen mar doe’t er yn in teatertoer en op Aaipop mei in band spile, smakke dat nei mear.

De nije fêste muzikanten binne Rik Meijer gitaar, Willo de Bidt bas, Richard Veltman drums en Peter van der Zwaag keyboard/piano.

Piter Wilkens & de Freex sille yn It Dielshûs de klassikers as ‘It Paad Werom’, ‘Knoopkes’, Bêst Genôch, 'Pake syn wein', ‘Liwwarder blues’, ‘De Bearenburch is myn sjirurch’ en ‘Henkie Cola’ mei in elektrysk rock & roll lûd delsette.

Fanwege út bysûndere karakter fan dizze jûn is de tagong fergees! Oanfang: 20.15 oere, doar is om 19.45 iepen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




kultuer

112

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt