Hynight 2012
Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Persoane-auto botst op brânspuitauto

Wommels, Tongersdei 04 Maart 2010, 17:59 oere
Ljouwert- Woansdeitemiddei waard de brânspuitauto en de helpferlieningsauto fan Ljouwert, alarmearre foar in ynsidint op de Ruysdaelstrjitte. Hjir siet in bern mei de foet fêst tusken de speaken. Op it Drachtsterplein gong it mis. Hjir ferliende in automobilist gjin foarrang oan de brânspuitauto, dy't mei swaailjochten en sirenes oer it krúspunt ride.


De automobilist koe de brânspuitauto net mear ûntwike en botste op de efterkant. Sawol de auto as de brânspuitauto rekke swier skansearre. Der rekke net ien ferwûne. De brânspuitauto sil troch de oanriding in skofte bûten gebrûk wêze. De helpferlieningsauto fan de brânwacht koe gewoan trochride nei de melding op de Ruysdaelstrjitte.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt