Peaskemoandei 23e edsyje fan Aaipop
Wommels, Freed 26 Maart 2010, 22:50 oereNijlân - Wa’t noch nea nei it Aaipopfestival west hat, kin it dit jier wol aventoerje. Mei in grut ferskaat fan 18 bands is alles wat de Fryske muzyk op it stuit te bieden hat oanwęzich. Fan middeis twa oere ôf is der in moaie miks te sjen fan in nije generaasje bands lykas Die Twa, N.N.B. en de Doelleazen oant de bekendere nammen fan de Feetwarmers, Jitiizer en Piter Wilkens mei syn band.
Artysten dus dy’t har al tweintich jier of langer hearre litte. En alles wat dęr noch tuskenyn sit. En wat fansels tige wichtich is op in festival, is dat it sfearke altyd goed is en dermei foar jong en âld geskikt is.
Aaipop is mei trije poadia it grutste iendaagse muzykfestival yn de provinsje en wurdt sjoen as iepening fan it festivalseizoen, tradisjoneel dus op Peaskemoandei yn Nijlân, tusken Boalsert en Snits. It bysűndere oan Aaipop is fansels dat alle bands frysktalich binne. Hieltyd mear begjinnende bands kieze foar frysktalige muzyk. Meastentiids omdat de taal tichter by har leit dan it Ingelsk of Nederlânsk, dat op it stuit ek tige populęr is, en faaks net om fuortendaliks wrâldferneamd mei te wurden.
It is de Stifting Aaipop dęrom te dwaan hjirfoar in poadium te bieden. It docht ek bliken dat oare festivals graach artysten programmearje dy’t earder al op Aaipop stien hawwe. En ek de ferskate radiostjoerders hawwe hieltyd mear oandacht foar de Fryske muzyk. En werom ek net, want de muzyk is sa folwoeksen as wat. In prima foarbyld is de band Die Twa, dy de Volendamse súksesformule kombineare mei kreaze Fryske teksten en dermei in breed publyk berikke. Dat it ek oars kin bewiize de Doelleazen. Dy ferliede mei har partysound bekende Fryske artysten ta in folslein nije ferzje fan harren grutte súksessen en ek dat slacht bot oan.
It moaie fan in grut festival is dat der in soad artysten tagelyk yn tou binne en dat noeget ek wolris út ta ferrassende kombinaasjes en gastoptredens. Somstiden komme der ek wer bands spesjaal foar byinoar. Dat is dit jier it gefal mei in ienmalich optreden fan de rockband Opskuor.
Foar de band Jitiizer sil dit it lęste Aaipopfeestje wurde, want sy hâlde der nei hast 20 jier mei op. Dit ta grutte teloarstelling fan hiele kloften fans dy’t spesjaal foar de show fan in band as Jitiizer nei Aaipop komme. Mar gjin noed, de opfolgers lykas Jarretank en N.N.B. steane al te stampfuotsjen om it stokje oer te nimmen.
De kaartferkeap foar dit 23e festival giet fia de thússide www.aaipop.nl en is al útein set. Om it Aaipopgefoel nochris te belibjen wurde dizze kear foar it earst opnames makke foar in live-CD dy dizze simmer ferskine sil. De presintaasje fan it festival is yn hânnen fan Tet Rozendal, bekend fan de Fryske fertolking fan lietsjes fan Marlčne Dietrich.
Nijlân (oan de A7 tusken Snits en Boalsert), 5 april 2010 (Peaskemoandei) fan 14.00-22.00. Yntree € 25,00 (foarferkeap € 22,50).
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















