Passazjiers oerstappe nei brânlucht yn bus
Wommels, Woansdei 03 Febrewaris 2010, 18:55 oereSnits- De bussjauffeur fan Connexxion lijn 47, rűkte tsien minuten nei fertrek út Snits, in brânlucht yn 'e bus. De bus waard fuortendaalks stilsetten op de Lemmerwei. De brânwacht fan Snits waard alarmearre.
De brânwacht wie fluch te plak mar hoegde net yn aksje te kommen. De brânlucht kaam fan de remmen dy't fęst slein wienen. Alle passazjiers, benammen skoalbern moasten oerstappe op in oare bus en koenen nei sa'n tweintich minuten harren reis ferfolgje.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















