Opmerklik: skylpod yn sleat by Boalsert fûn
Wommels, Woansdei 28 April 2010, 17:12 oereBoalsert- Yn in sleat by Boalsert hat Jan Kroese in opmerklike fynst dien. De natuerleafhawwer, dy't earder dit jier noch it earste ljipaai fan de gemeente Boalsert fûn hat, kaam no in skylpod tsjin.
It giet om in saneamde "roodwang" skylpod fan sa'n 20-30 sintimeter. Wierskynlik is de skylpod frijlitten troch ien dy't oan syn húsdier net sa'n soad plezier belibbe.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















