Opmerklik: Scooterdief botst op auto eigener
Wommels, Woansdei 16 Juny 2010, 12:22 oereLjouwert- In 21-jierrige scooterdief út Ljouwert is op opmerklike wize tsjin de lampe rûn. De man ferlear de macht oer it stjoer doe't hy mei hege snelheid oer de Pilotenspel yn Ljouwert ride en botste hjirby tsjin de auto fan de eigener fan de scooter, in 19-jierrige ynwenner fan Jelsum.
De scooterdief rekke by it ûngelok ferwûne oan de holle. Doe't de Jelsumer útstapte en sei dat der de plysje skille hie, gie de scooterdief mei de scooter op de flecht. Doe kaam de Jelsumer derefter dat it syn eigen scooter wie. Hy ride troch Ljouwert hinne op 'e siik nei syn scooter en oar guod wat in nacht earder stellen wie.
De plysje hat fuortendaalks in burgenetaksje opsetten. In ûndersyk yn de omjouwing levere yn de earste ynstânsje neat op mar efkes letter kaam de plysje de fertochten op it spoar nei tips fan tsjûgen. Yn in wenning oan Achter de Hoven koe de fertochte oanholden wurde. Nei't de man earst holpen waard oan syn ferwûnings yn 't sikehûs waard hy troch de plysje ynsletten.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










