Opmerklik: Man leit fjouwer jier dea yn wenning
Wommels, Woansdei 23 Juny 2010, 09:46 oereMinnertsgea- De plysje hat in ûndersyk ynstelt nei de dea fan in doe 50-jierrige man út Minnertsgea. De man waard ôfrûne moandeitemiddei troch syn famylje op syn keamer dea oantroffen. Syn twa bruorren (61 en 67 jier) en twa susters (44 en 71 jier) wenje yn de selde wenning. Sy ha yn it foarjier 2006 foar it lêst mei harren broer sprutsen, hy woe doe mei rêst litten wurde op syn keamer.
De saak kaam oan it ljocht doe't de wenningstichting oanjoech ûnderhâld te wolle dwaan oan de wenning. Ien fan de bewenners hat doe dochs mar efkes by harren broer op de keamer sjoen, wêr't de man dea op syn bêd fûn waard. In warskôge húsdokter hat de plysje alarmearre.
De plysje is in ûndersyk starten om út te sykjen at der sprake is fan in misdriuw. Op it lichem fan de man sil seksje ferrjochte wurde. Er is net ien oanholden.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |






.jpg?website=implementatie&width=82&height=63&func=min&image=4787099ac39c.jpg)










