Online bestelle by bakker Posthuma
Wommels, Freed 30 Desimber 2011, 20:40 oereEchte Bakker Posthuma, mei winkels yn Snits, Boalsert en Wommels, hat sűnt tongersdei in folslein nije webside. Nyncke Posthuma: “We kinne no sels de redaksje fiere en sa flugger ynspylje op aksjes en nijs, mar de belangrykste feroaring is de online webshop.” Mei dizze webshop kinne de klanten fan bakker Posthuma maklik en oersichtlik lunch en taarten/oranjekoek bestelle. Letter komt hjir de bôle en banket noch by.
De webside is yn gearwurking mei Vers Platvorm Nederland űntwikkele. Nyncke Postuma: “Trochdat ik yn de lanlike marketingkommisje sit fan it Echte Bakkersgilde wiene de kontakten fluch lein.” It gilde biedt oansluten bakkers wiidweidige űnderstiping op it męd fan marketing en kommunikaasje. It wurk wurdt sa út hannen fan de bakkers nommen troch kant-en-kleare reklamepaketten en priis- en koartingsaksjes oan te bieden. Ek wurde der yndividuele aksjes űntwikkelt sa spaarkaarten. Vers Platvorm Nederland űnderstipet by de űntwikkeling fan dizze materialen en biedt in kompleet kommunikaasjesysteem.
Besjoch hjir de nije webside fan Echte Bakker Posthuma.
| In bydrage fan: Jaring Rispens | Diel dit artikel: |
![]() |




















