Advertearje op Stjoerder.nl? klik hjir
tip de redaksje RSS Ynskriuwe

Ofslútdyk ôfsletten nei ûngemak

Wommels, Sneon 28 Novimber 2009, 22:05 oere
Ofslútdyk- De Ofslútdyk is sneontejûn inkele oeren ôfsluten west nei in ûngemak earder op de jûn. It ûngemak fûn plak krekt nei’t tankstasjon tusken Koarnwertersân en Den Oever. Der weinen trije auto’s by belutsen.


Ien fan de bestjoerders moast troch de brânwacht fan Wytmarsum út de auto knypt wurde. Ek in oare bestjoerder rekke ferwûne. De brânwacht fan Den Oever hoegde net yn aksje te kommen. It ferkear dat tusken de plysje ôfsetting en it ûngemak stie waard omlaat oer it fytspaad. De oare automobilisten waarden tusken it knooppunt Surch en Koarnwertersân werom stjoert oer de paralleldyk.

De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngemak. Klik hjir foar alle foto's.


In bydrage fan: Jaring Rispens Diel dit artikel:

scheiding470px




112

kultuer

sport

algemien

oerheid

saaklik

FYS Projekt